FIDEO: Stilte op 'e Waadeilannen mei rêstich peaskewykein

12 apr 2020 - 18:10

It toeristeseizoen belibbet in dramatyske start troch de coronakrisis. Hoewol't it prachtich waar is, wurdt der gjin sint fertsjinne. De oprop om thús te bliuwen mist syn útwurking net. Op de Waadeilannen hearsket in stilte dêr't de ûndernimmers wekker fan lizze. Sa ek op it Amelân. Op de iennichste boat dy't nei it eilân giet, sitte mar tritich minsken. It binne eilanners en in inkelde toerist.

Trefwurden: 
It Amelân peaske coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)