Brân leit fûgelsjochhut by Iezumasyl yn 'e jiske

12 apr 2020 - 17:24

In fûgelsjochhut oan de Esumakeech by Iezumasyl is yn de nacht fan sneon op snein ôfbrând. De brânwacht fan Eanjum koe net foarkomme dat de hut folslein yn flammen op gie.

Foto: De Vries Media

De sjochhut, mei de namme Sylkajút, wie troch Steatsboskbehear tydlik ôfsletten yn ferbân mei it coronafirus. Brânstichting wurdt net útsletten.

Trefwurden: 
Iezumasyl fûgelsjochhut
(advertinsje)
(advertinsje)