Warkumse moat wrâldreis op de fyts nei fyftjin moannen ôfbrekke

Marica van der Meer is wer werom yn it heitelân mei foto's en fideo's fan in wrâldreis dy't oant en mei novimber duorje soe. It iene momint fytste sy noch rjochting Monument Valley yn Amearika en no sit sy yn karantêne yn Hylpen. Har eigen hûs yn Warkum is noch ferhierd.
Reis om'e wrâld nei fyftjen moannen ôfbrutsen
Fyftjin moannen hat sy ûnderweis west. Mei in frachtskip út Antwerpen wei bedarre sy yn Súd-Amearika mei har fyts en reizge se troch it hiele kontinint. It is no wol efkes wennen: "Ik fiel my net allinnich opsluten, mar ik wit ek net wannear't ik wer reizgje mei. Dat is dochs ek wol myn grutste hobby en foar in part ek myn wurk. Dy fraach docht my mear sear as it feit dat ik no thús bin en opsluten sit."
De lêste moannen wie Van der Meer ûnderweis troch Amearika. "Ik fytste fan Miami nei Los Angeles. Dat is hast seistûzen kilometer en dêr dochst hast trije moannen oer. En it fisum foar Amearika is mar trije moannen jildich. Dus ik siet al op it rantsje en moast Amearika út. Ik hie in flecht nei Japan, want myn frachtskip nei dat lân wie al annulearre. In dei foardat dy flecht gong, goaide Japan de grinzen ticht foar alle flechten út Amearika. Dus ik mocht net nei Japan en ik moast Amearika út", fertelt Van der Meer, dy't net oars mear koe as werom nei Nederlân.
Op wei nei Monument Valley yn Amerika © Marica van der Meer
Yn Amerika giet it no goed mis troch it coronafirus. Van der Meer: "Wy sieten gelokkich net yn New York. Mar op it stuit dat it sa'n bytsje begûn, sieten wy op it plattelân fan Utah en Arizona. Doe't wy yn Las Vegas oankamen, seagen we dat de strjitten hielendal leech wienen. Der wie gewoan gjin toerist te sjen. It wie in spûkstêd wurden. Hotels gongen ticht. Campings gongen net mear iepen en nasjonale parken gongen ticht. Dus sa stadichoan gong alles rûnom ús ticht. Je koenen eins net fierder. En ik hie ek sa'n gefoel dat ik it eins net mear tsjinoer de mienksip ferantwurdzje koe. Dat eltsenien thús sit, wylst ik noch hieltiten op reis bin. Mar eins wolle je dochs je reis ôfmeitsje."
Marica van der Meer op de Boliviaanske heechflakte © Marica van der Meer
Mar it ôfmeitsjen fan dy reis sit der net mear yn, sa makket Van der Meer dúdlik: "Dan haw ik net it gefoel dat ik om de wrâld fytst ha. Ik bin nei Los Angeles fytst en wer werom flein. Wat doch ik dan? Begjin ik dan yn Japan en fyts ik wer werom? Ik lit it no mar efkes op my ôfkomme allegear en oer in pear jier begjin ik gewoan op 'e nij."
Sy tinkt wol dat der dan wat feroarje moat. "Ik tink wol dat it reizgjen ien fan de saken is dy't as lêste wer op gong komt. Dat je wer it fertrouwen hawwe om nei it bûtenlân ta te gean, mar ek dat bûtenlanners wer it fertrouwen hawwe om toeristen te ûntfangen." Uteinlik wol Van der Meer oer dizze reis in boek skriuwe.