Noed yn Jobbegea oer coronapasjinten yn wensoarchsintrum WenWearde

Der binne meardere bewenners fan it soarchkompleks WenWearde yn Jobbegea besmet mei it coronafirus. Dat meldt pleatslik belang Jobbegea-Hoarnstersweach op har Facebookside. Ungerêste ynwenners fan Jobbegea melden har by pleatslik belang, omdat se minsken yn beskermende pakken seagen dy't ôffal yn in ôfsletten kontener achter WenWearde stoarten.
De kontener achter WenWearde © Facebook, Plaatselijk belang Jubbega en Hoornsterzwaag
Nei dy meldingen hat pleatslik belang kontakt socht mei de organisaasje fan WenWearde en de ôfdieling 'Handhaving en Veiligheid' fan de gemeente Hearrenfean. Om de soargen fuort te nimmen hat WenWearde meld dat de jiskepûden goed tichtmakke wurde mei tiewraps en dat der slotten sitte op de kontener. Sneon is der ek in stek om de kontener hinne pleatst.

Covid-ôfdieling

WenWearde is no in saneamde covid-ôfdieling. Yn it begjin waarden minsken noch nei Ít Hearrenfean brocht, mar omdat der hieltyd mear sike bewenners by kamen is dêr mei opholden. Net elkenien is slim siik, der binne in soad minsken mei lichte klachten.

Grutte soargen

Omdat der in protte famyljeleden fan de bewenners yn it doarp wenje, is der in soad ûnrêst yn it doarp. "Wy meitsje ús grutte soargen, omdat der allegear minsken wenje dy't wy kenne. It is tige ûnrêstich yn it doarp", sa seit Age Hartsuiker fan Pleatslik Belang.
Age Hartsuiker fan pleatslik belang Jobbegea-Hoarnstersweach