GGD Fryslân: twa nije stjergefallen en achttjin nije positive coronatests

12 apr 2020 - 13:03

Der binne twa nije stjergefallen as gefolch fan it coronafirus meld yn Fryslân. Dat hat GGD Fryslân bekend makke. Dit binne allinne de minsken dêr't it coronafirus by fêststeld is. It echte oantal minsken dat stoarn is oan it firus leit heger. Sûnt de útbraak binne der no 29 fêststelde coronapasjinten ferstoarn.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De oare sifers fan GGD Fryslân gean de goede kant út. Der lizze no 67 minsken dy't besmet binne mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Dat binne der fjouwer minder as sneon. Dêr binne ek minsken út oare provinsjes by.

Der binne 18 posityf teste minsken by kommen. Mei-inoar binne der no 341 minsken yn Fryslân posityf test.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)