Yllegale kroech yn Frjentsjer: alve bekeuringen útdield

12 apr 2020 - 11:55

De plysje hat sneontejûn alve bekeuringen útdield oan minsken dy't yn in yllegale kroech sieten yn in hok achter in wenning oan it Vliet yn Frjentsjer. Se holden har net oan de coronamaatregels en krigen de bekeuring fanwege it 'samenscholingsverbod'.

Foto: Omrop Fryslân

De oanwêzigen lieten neffens de plysje fernimme dat se de coronamaatregels ûnsin fine troch ticht byinoar te sitten en inoar op te sykjen yn it hok.

De plysje kaam de 'kroech' op it spoar nei in anonime melding.

(advertinsje)
(advertinsje)