Jonge fynt jildkistke fan oerfallen frou yn Drachten

12 apr 2020 - 11:08

By tafal is it jildkistke fûn dat bút makke wie by de oerfal op in frou fan 93 jier út Drachten, yn oktober ferline jier. De frou die ôfrûne tiisdei sels har ferhaal yn it programma Opsporing Verzocht.

Foto: Plysje

It jildkistke waard fûn troch in jonge dy't freedtemiddei earne yn Drachten oan it swimmen wie. De plysje wol net sizze wêr't dat krekt wie, omdat dat ynformaasje is dy't fan belang is by it ûndersyk. Dat ûndersyk is noch yn folle gong.

De frou waard ferline jier oerfallen yn har wenning oan de Korenmolen yn Drachten. De twa oerfallers mishannelen har en naaiden út mei kostber guod en brieven fan har ferstoarne man.

Ien fan de dieders sit al fêst, mar út ûndersyk hat bliken dien dat er mooglik twa kompanen hân hat. Neffens de plysje ha tsjûgen fjouwer jonge manlju sjoen, dy't in skoft by it hûs fan de frou omhongen. Se rieden op twa scooters hin en wer.

De oerfal waard behannele yn it programma Opsporing Verzocht:

Trefwurden: 
Drachten oerfal jildkistke
(advertinsje)
(advertinsje)