Plysje-auto's fernield nei kontrôle op coronamaatregels yn Sint-Jabik

12 apr 2020 - 10:04

In groep jongerein hat sneontejûn yn in bosk by de Georg van Saksenstrjitte yn Sint-Jabik twa plysje-auto's fernield. Dat barde nei't de plysje in ein makke hie oan in kampfjoerfeest yn de bosk.

Foto: Facebook, Politie Noordwest Fryslân

De plysje wie nei de bosk tagien nei't der in melding kommen wie oer in feest. Omdat de plysjes net mei de auto de bosk yn komme koene, moasten se likernôch 800 meter rinne om by it feest te kommen. Meardere jongeren flechten fuort doe't se de plysjes seagen. Dêrtroch wie der net mear sprake fan it oertrêdzjen fan de coronamaatregels.

Fernieling

It kampfjoer waard útmakke en doe't de plysjes by harren auto's weromkamen, die bliken dat dy fernield wiene. De spegels wiene derôf, der sieten dûken yn 'e auto's en der wie in bân lek stutsen. Der wurdt in ûndersyk ynsteld nei de jongeren, fan in oantal is de namme bekend.

Plysjesjef lilk

Teamsjef Thea van den Bos fan de plysje Noardwest-Fryslân is lilk. Op Facebook skriuwt se: "Ik neem dit hoog op. Het is allereerst zorgelijk dat deze jongeren maling hebben aan alle coronamaatregels en ook de gezondheid van hun zelf en anderen niet serieus nemen. Bovendien vind ik het zeer laakbaar dat de vernielingen zijn gepleegd. Hierdoor hebben zij het politiewerk echt gefrustreerd."

De plysje hat dit op alle sosjale media pleatst - Foto: eigen foto plysje
(advertinsje)
(advertinsje)