Acht jongeren by kampfjoer beboete yn Grou

12 apr 2020 - 09:09

Yn Grou binne yn de nacht fan sneon op snein acht jongeren op 'e bon slingere, omdat se by in kampfjoer sieten sûnder dat se de coronamaatregels folgen. Se sieten net op oardel meter ôfstân fan elkoar.

Foto: Shutterstock

Om trije oere hinne krige de plysje in melding oer it kampfjoer fan de jongeren flakby de spoarbrege by de Burstumerdyk yn Grou.

De jongeren binne tusken de 18 en 20 jier en komme út Grou en Akkrum.

(advertinsje)
(advertinsje)