FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Yn Fryslân ferfalle de kommende wiken in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert de Omrop alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst kaam dizze snein út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei. Sjoch de folsleine tsjinst hjirûnder werom.
Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân
Foargonger wie dizze kear dûmny Sytze Ypma en Jochem Schuurman wie de oargelist. Fierdere muzikale begelieding wie fan Jaap de Kok op de bariton en Klaas de Beer op de trompet. Dêrneist wie der meiwurking oan de tsjinst fan Ackelien van der Pol en Amir Baqeri Qahani.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De tsjinst wie ek te sjen op Omrop Fryslân telefyzje. De útstjoering is ek werom te sjen fia Utstjoering Mist.