Coronanijs 12 april: Pasjintetal op Fryske IC's lykbleaun; plysje-auto's fernield

12 apr 2020 - 22:00

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn totaal binne yn Fryslân 29 minsken ferstoarn oan it firus, en 341 minsken binne posityf test;
  • Der binne snein twa nije stjergefallen by kommen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

21:45
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog. Moandeitemoarn binne wy der wer mei in nij liveblog. Elkenien tank foar it folgjen. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze snein 12 april:

  • GGD Fryslân: twa nije stjergefallen en achttjin nije positive coronatests;
  • Plysjesjef oer fernielingen plysje-auto's Sint-Jabik: "Verwerpelijk, respectloos en in deze tijd not done";
  • Warkumse moat wrâldreis op de fyts nei fyftjin moannen ôfbrekke;
  • Noed yn Jobbegea oer coronapasjinten yn wensoarchsintrum WenWearde.
21:28
"Coronafirologen hawwe in soad muoite om jild te krijen fan de EU"

Coronafirologen hawwe in soad muoite om jild te krijen fan de Europeeske Uny foar ûndersyk nei in medisyn tsjin it firus. Dat sei de lieder fan de Europeeske ûndersyksgroep nei coronafirussen snein op Radio 1. "Als onderzoeksgroep zijn we al jaren bezig met het in kaart brengen van het coronavirus. Nog voordat het virus in Nederland was, had ons team al een synthetische versie liggen in Zwitserland", seit firolooch Lia van der Hoek.

Gjin jild beskikber

Doe't it firus begjin dit jier yn Sina in grut probleem waard, naam sy kontakt op mei de EU. "Ik heb gezegd dat wij al jaren onderzoek doen naar coronavirussen en gevraagd wat de mogelijkheden zijn om te helpen, maar de EU wilde geen geld voor ons beschikbaar stellen."

Ta har fernuvering die inkelde wiken letter bliken dat oare oanfragers wol jild krigen hiene, wylst se minder ekspertize hawwe. Neffens Van der Hoek soene alle eksperts yn Europa mei-inoar wurkje moatte oan in oplossing foar it coronafirus.

21:01
'Studinten yn finansjele need'

It fakbûn FNV en studintefakbûn LSvB hawwe al goed 1.300 meldingen binnenkrigen fan studinten dy't yn finansjele problemen kaam binne fanwegen de coronakrisis. "Dat is nog maar het topje van ijsberg", seit LSvB-foarsitter Alex Tess Rutten sneintejûn yn Reporter Radio. It ferlies fan bybanen is neffens LSvD de wichtichste reden foar de finansjele need. "Door het leenstelsel zijn studenten afhankelijker van bijbanen. Een bijbaan zorgt bij studenten gemiddeld voor 43 procent van hun inkomen", seit Rutten.

20:05
Plysjesjef oer fernielingen: "Verwerpelijk, respectloos en in deze tijd not done"

"De emotie is wat gezakt, maar ik was boos. Ik vind het verwerpelijk, respectloos en in deze tijd not done." Teamsjef Thea van den Bos fan de plysje Noardwest-Fryslân wie lilk doe't se it ferhaal fan de fernielde plysje-auto's by Sint-Jabik hearde. De plysje makke dêr in ein oan in feest mei in kampfjoer yn 'e bosk. Jongerein dy't op dat feest wiene, fernielden twa plysje-auto's.

Foto: Facebook, Politie Noordwest Fryslân
19:02
Rêst op 'e Waadeilannen

It toeristeseizoen belibbet in dramatyske start troch de coronakrisis. Hoewol't it prachtich waar is, wurdt der gjin sint fertsjinne. De oprop om thús te bliuwen mist syn útwurking net. Op de Waadeilannen hearsket in stilte dêr't de ûndernimmers wekker fan lizze. Sa ek op it Amelân. Op de iennichste boat dy't nei it eilân giet, sitte mar tritich minsken. It binne eilanners en in inkelde toerist.

18:03
Tal pasjinten op Fryske IC's lykbleaun, minder oare pasjinten

It tal pasjinten op de Fryske intensive cares is lykbleaun. Der leine snein noch 27 pasjinten op de IC's. Dat is itselde oantal as sneon. Der leine ek nochris 38 pasjinten yn it sikehûs bûten de intensive cares. Dat binne der twa minder as sneon. It giet om minsken dy't besmet binne mei it coronafirus of om minsken wêrfan't tocht wurdt dat se corona hawwe.

17:52
Peaske-brochje by Van der Valk yn Snits

Mei de peaskedagen is út iten gean op dit stuit net mooglik. Mar by Van der Valk yn Snits betochten se in moai alternatyf. Minsken koene dêr in peaske-brochje ophelje.

17:17
Maatregels by nasjonale deadebetinking

By de Nasjonale Betinking op 'e Dam op 4 maaie yn Amsterdam binne dit jier fanwegen de maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus allinne kening Willem-Alexander, keninginne Máxima, premier Mark Rutte, boargemaster Femke Halsema en foarsitter Gerdi Verbeet fan it nasjonaal komitee oanwêzich. Sy bliuwe op ôfstân fan inoar.

16:24
Tal coronapasjinten op intensive cares mei 33 ôfnommen

It tal coronapasjinten op de intensive cares yn Nederlân is mei 33 ôfnommen nei 1.358 pasjinten. Sneon wiene it der noch 1.391. Dat hat it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS) sneintemiddei bekend makke.

Foto: Shutterstock
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)