Brânwacht rydt út foar heabrantsje op De Lemmer

11 apr 2020 - 20:41

De brânwacht is sneontejûn mei meardere auto's útriden foar in brân oan de Doraweg op De Lemmer. Al gau waard dúdlik dat de brân mar lyts wie; der stie hea yn in hok yn 'e brân.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De earste brânwachtauto's wiene doe alwer werom nei de kazerne riden. Njonken it hea stie ek noch in pallet yn brân. De brânwacht hat it fjoer by oankomst rap útmakke. Oer mooglike skea is neat bekend.

Trefwurden: 
De Lemmer brânwacht brân
(advertinsje)
(advertinsje)