Hurdfytser René Hooghiemster wer thús nei't hy oan de dea ûntsnapte

Hy bruts syn rêch, syn nekke, ferskate ribben en syn heupe. Hy hie twa slachierbliedingen, in ferbrizele boppeskonk en moast in hûdtransplantaasje ûndergean. In dwerslesy lei op 'e loer en hy knokte foar syn libben, mar nei acht operaasjes is hurdfytser René Hooghiemster wer thús yn Snits.
Ynternetrepo René Hooghiemster
Oan de râne fan it sintrum fan Snits wennet René mei syn freondinne Nynke. Op de tredde ferdjipping hawwe se in âld gebou kreas ferboud. "Ik moast earst leare en bewize dat ik de trep op koe. Dêr die ik alles foar. No is it sa noflik om wer thús te wêzen. De lytse saken wurdearje ik no enoarm. Wer yn myn eigen bêd lizze mei je eigen freondinne is oars gewoan, mar no safolle wurdich."

Ungelok op Mallorca

René wie 8 jannewaris dwaande mei in delgong, doe't it goed misgie. Hy knalde op in buske. "Ik snij in bocht oan, neffens my net oars as oars. Ik skrik fan it buske en knyp yn myn remmen. Doe waard it swart."
In heale minút letter wurdt hy wekker. Mei kleden en doeken oer him hinne. Syn freonen stean om him hinne. "Doe duorre it tweintich minuten foardat de ambulânse der wie. Dat hearde ik letter. Foar myn gefoel wie it in pear minuten. Je hawwe safolle adrenaline, ik kin my ek net heuge dat ik safolle pine hân ha."
Dat is mei safolle breuken al bysûnder. Benammen de foto's fan syn boppeskonk binne nuver om te sjen. Der mist in hiel stik út, lykas in haai in hap nommen hat. "Ik hie wol fuort troch dat der wat stikken wie. Mar ik bleau eins hiel rêstich. Ik frege oan myn freonen oft sy my helpe koene en ik wit noch dat ik it hiel kâld hie."
It fytsen is myn libben. Ik moat wer fytse kinne.
René Hooghiemster
René leit twa wiken lang op de intensive care en mei dêrnei nei it MCL. Yn it sikehûs yn Ljouwert wurdt hy holpen troch Rein de Haan. Mei de sjirurch hat hy in hechte bân. "Hy is ek in fytsleafhawwer. We belje no noch altyd mei elkoar. Dêr haw ik in soad oan hân."
René wurdt yn Ljouwert fjouwer kear operearre. Der fynt in operaasje plak mei hûdtransplantaasje. It ferrint allegearre goed, mar syn boppeskonk is hielendal ferbrizele. Boppedat wurdt der in baktearje fûn nei in operaasje, wêrtroch't René langer bliuwe moat. Mar benammen de ferbrizele boppeskonk hat in soad tiid nedich. "Se hawwe in plaat fan 33 sintimeter pleatst mei alve skroeven. Der wie lang gjin botgroei, mar it liket no better te gean."

Traine, traine, traine

René is no noch ôfhinklik fan syn freondinne Nynke. Dy helpt him in soad en wurket thús. It opstean is al in flinke put. Opstean, klean oan, dûsen, hy hat oeral help by nedich. Dan giet hy oan de slach mei in CPM. Dat is in apparaat wêrmei't je knibbelbûgingen meitsje kinne. In hoek oant 120 graden, passyf. Dan kin hy mei in apparaat fanút syn rolstoel fytsbewegingen meitsje.
De knibbelhoeke wurdt mei dat apparaat wat minder grut, wêrtroch't hy dat dwaan kin. Middeis faak noch efkes sliepe en dêrnei komt de fysioterapeut noch del. "Neat giet fansels, alles kostet enerzjy. In oere sitte kostet al safolle. Ik haw altyd bot wend west oan myn lichem dat ik fertrouwe kin en dat is fuort."
René Hooghiemster yn 2011, Loire et Cher © Omrop Fryslân
It is mar de fraach oft René ea wer fytse kin. Of wer goed rinne. Syn knibbel moat wer nei in bepaalde hoeke ta. "De doktoaren binne hoopfol. Dat sil ik gewoan wol helje. Fytsen is myn libben. Dêr fyn ik de grutte wille yn myn libben. Dat is in stikje lifestyle foar my. Wat fan de wrâld sjen, je lichem útputte, mei je freonen ûnderweis wêze. Dat is de stip oan de hoarizon dêr't ik wer nei ta wol."

Ein dit jier op 'e fyts

"Myn doel is om oan de ein fan dit jier wer op de fyts te sitten. Oft dat realistysk is? Dat wit ik net, mar je moatte ambisjeus wêze. En ik ha it der mei de sjirurch oer hân en we ha in plan makke. Ik tink dat we in hiel ein komme kinne. Yn 'e nacht dreamde ik in hiel soad fan it fytsen en ik hoop dat dat wer weromkomt."
René Hooghiemster is 33 jier en groeide op yn Oentsjerk. Hy rydt foar it team P&S Metalltechnik út Dútslân (Continentaal-ploech).
Oerwinningen: