Peaske fiere yn coronatiid: "De aaien bliuwe no lizzen"

11 apr 2020 - 18:02

Taart, peaske-aaien en ek noch wat lekkers te drinken. In soad minsken helje sneon noch rap de lêste boadskippen foar it peaskewykein. Elkenien moat dit jier sa folle as mooglik thúsbliuwe en dus wurdt der op it lêste momint noch ynslein om sels wat yn 'e hûs te hawwen. Dêrtroch is it drok by de supermerken yn Fryslân.

By it Boschplein yn Snits is it in kommen en gean fan auto's en fytsers. Troch de coronakrisis fiere de measte minsken har peaskewykein thús. Dêr moatte wol boadskippen foar yn hûs wêze. "Gewoanwei hawwe we mei de hiele famylje in barbekjû", seit Tietie Roggeveld wylst se de boadskippen yn har fytstassen docht. "Mar dat feroaret no om't se net mear komme meie. We hawwe mei ús beide mar in brochje en dat is it dan ek."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ek Martin Miedema is sneon noch op paad foar de boadskippen. "Wy hawwe in hoarekabedriuw", begjint hy syn ferhaal. "Gewoanwei hawwe wy mei Peaske dan net iens frij en is it drok, mar dat feroaret no wol hiel bot. Foardiel is dat ik mei de famylje no de tiid trochbringe kin, mar ik wol leaver oan it wurk. Der moat dochs jild fertsjinne wurde. It is efkes wenne om mei Peaske frij te wêzen, dit is net de moaiste wize fansels."

Ien per kear de winkel yn

Troch de coronamaatregels mei yn ferskate winkels oan it Boschplein mar ien persoan tagelyk. "Myn frou is efkes om boadskippen, dan kin ik moai yn it sintsje", laket Cees van der Bank.

Foar syn famylje feroaret Peaske ek bot. Hy soe mei syn frou yn in kamper nei Marokko dit jier, mar dat is fansels fan de baan. "Dat is wol spitich, mar oan de oare kant kinne we hjir ek fan it waar genietsje. Dat sille we dizze peaskedagen dan ek dwaan. Lekker yn ús eigen tún."

Harkje nei de reportaazje

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Trefwurden: 
Snits peaske coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)