Besoarchservice supermerken folboekt, Fenna en Ymkje ut Grou helpe mei

11 apr 2020 - 16:25

Online boadskippen bestelle is troch it coronafirus tige populêr wurden. Sa populêr dat je faak dagen lang wachtsje moatte oant dat de supermerk it besoargje kin. Fenna en Ymkje út Grou springe dêr op yn.

Ymkje Yntema is treddejiers studint bedriuwskunde yn Grins. Mar troch it coronafirus is se thús by heit en mem yn Grou. Tegearre mei har buorfamke Fenna de Jong, dy dit jier eksamen docht op it gymnasium, hat se in besoarchservice oprjochte.

Ast hjoed by de supermerk online boadskippen bestelst, kin it wol twa wiken duorje oant dat de supermerk tiid hat om it te besoargjen. Fenna en Ymkje hawwe troch it coronafirus neat te dwaan en wolle de boadskippen deselde dei wol by de minsken delbringe. Foar 6 euro per bestelling dogge se dat. Mar de saken rinne noch net hiel goed. Sneon hiene de froulju harren earste twa bestellingen.

(advertinsje)
(advertinsje)