Omrop TIP: Dokudrama oer Anne Zernike by Fryslân DOK

De meniste-tsjerke fan De Knipe stelde Anne Zernike oan de gemeenteleden foar op 5 novimber 1911. De tsjerke siet fol, en de kearen dêrnei ek. Net elkenien hie der fertrouwen yn, in frou op 'e kânsel. Yn 'e Ljouwerter krante fan 8 novimber 1911 stie: 'Zij beschikt over een helder stemgeluid en haar voordracht is kalm en waardig.' Se die har wurk mei passy, se wie tige eigensinnich, sa blykt ut har boek: 'Een vrouw in het wondere ambt'. Se skreau oan God: 'Geef me de kracht om deze onderneming tot een goed einde te brengen.'
Regisseur Annet Huisman en kameraman Ismael Lotz makken yn 2011 dizze Fryslan DOK oer Anne Zernike. It waard gjin 'gewoane' dokumintêre, mar in dokudrama. De scenes mei Anne wurde spile troch aktrise Henny Rinsma. Trije froulju, dy't in ban hawwe mei Anne Zernike, fertelle har ferhaal: Froukje Pitstra, teologystudinte Ietsje van der Meer-de Boer en Anneke Durkstra, kosteres fan de meniste-tsjerke yn De Knipe.
Anne Zernike op 'e kansel © Omrop Fryslan
Anne Zernike (1887-1972) wie de dochter fan twa wiskundigen. Har broer Frits krige yn 1953 de Nobelpriis foar natuerkunde. Anne wie de earste froulike teology-studint oan de Vrije Universiteit fan Amsterdam en oan it Doopsgezind Seminarie. Yn Bovenknijpe (no De Knipe) moete se har lettere man, de keunstner Jan Mankes.
Geit, Jan Mankes © Omrop Fryslan
Jan Mankes wie doe al bekend oan it wurden as keunstner. Syn wurk waard ferkocht troch in keunsthanneler ut Den Haach. Dochs wiene de ûnderwerpen dy't Mankes skildere fan tichteby: it lânskip by de Knipe, de bisten yn 'e eftertún, portretten fan bygelyks syn âlden en selsportretten.
Jan Mankes, selsportret © Omrop Fryslan
Anne hold fan syn keunst: 'Zo fijnzinnig, zo ingetogen. Zo stil. Wat voor iemand ben je, als je zo de geest van iets kunt vangen?' Se runen graach oer de Waldsterdyk - it útsicht fanút Jan syn atelier. Mar se praten of oan it ein fan de dyk, want de Knypsters mochten earst noch net witte dat der wat geande wie tusken dy twa. Yn 1914 makken se har ferloving bekend, en yn 1915 trouden se.
Anne Zernike en Jan Mankes © Omrop Fryslan
Fanwegen de sûnens fan Jan ferhuze it pear nei Den Haach. Mar de seelucht wie dochs net goed foar Jan. It die bliken dat hy tbc hie en se ferfearen nei Eerbeek op 'e Veluwe. Yn 1920 is Jan Mankes op 30-jierrige leeftyd ferstoarn. Anne en Jan hiene ien soan, Beint.
Jan Mankes en soan Beint © Omrop Fryslan
De dea fan Jan nei noch mar fjouwer jier houlik wie in grut ferlies foar Anne. En it wie ek net maklik om wer as predikante oan it wurk te kommen. Se set har stúdzje teology troch. Oant de ein fan har libben soarge se derfoar dat de keunst fan har man altyd ûnder de oandacht bleau. Yn 2020 is it 100 jier lyn dat Jan Mankes stoarn is. Nei de simmer is yn museum MORE yn Gorssel in tentoanstelling mei alle topstikken fan Jan Mankes.
De Fryslan DOK: Anne Zernike, om it leauwen en de sinnigens, wurdt utstjoerd op sneon 11 april by NPO2 om 15.30 oere, mei Nederlanske undertiteling. Omrop Fryslan stjoert it dokudrama ut op snein 12 april fan 17.00 oere of alle oeren. De dokumintere 'De stille ferwundering fan Jan Mankes is hjir te sjen.