Corona yn flechtlingekamp hâldt Caroline Sandberg net tsjin

Caroline Sandberg út Ljouwert bliuwt foarearst yn Grikelân, wêr't se mei har dochter iten makket foar flechtlingen. Yntusken hat der in flechtling posityf test op it coronafirus en dat soarget der foar dat de wurkwize feroare is.
© Caroline Sandberg
De flechtling dy't it coronafirus oprûn, is in man. Hy is fuortendaliks ôfsûndere, syn famylje ek. "Het kamp is nu afgesloten. Je kunt er sowieso niet uit en naar binnen kan alleen in beperkte mate om hulp te verlenen", fertelt Sandberg.
Alle frijwilligers en meiwurkers fan stifting Foodkind binne yntusken test en net ien fan harren wie besmet. It wurk kin dus trochgean, mar wol yn oanpaste foarm. "De vluchtelingen krijgen nu voedselpakketten van de overheid. Wij zorgen daarnaast voor een verspakket."

Nei hûs?

Sandberg gie nei Grikelân doe't se troch de coronamaatregels har cateringbedriuw yn Ljouwert slute moast. Se wit noch net hoe lang se yn Malakasa en Oinofyta, op in oere fan Athene, bliuwe sil. It kin wêze dat se begjin maaie nei hûs gean. "Maar vooralsnog blijven we hier, ik houd alles open."
Caroline Sandberg út Ljouwert is op it stuit yn Grikelân