Sosjale ôfstân op it wetter: "Oars moatte minsken út de boat stappe"

11 apr 2020 - 17:36

De 1,5 meter-regel jildt net allinnich op fêste wâl, mar ek op it wetter. Troch it moaie peaskewaar geane in protte minsken dit wykein mei de boat derop út. "We lette net allinnich mear op snelheid en oerlêst", seit Tjitte Bleeker fan Handhaving Snits. "We sjogge ek oft minsken goed ôfstân yn de boat hâlde. Mocht dat net slagje, omdat se mei tefolle op in boat sitte, dan moatte dy persoanen út de boat stappe."

"We fernimme dat it minder drok op it wetter is as oare jierren", seit Bleeker, wylst hy mei syn kollega Ruud D'Heer yn in lyts boatsje stapt. "Mar we sjogge wol dat der noch in protte oerlêst is fan jongerein dy't te hurd farre."

Bleeker en D'Heer stappe op by it havenkantoar oan de Oppenhuizerweg en farre de hiele dei troch de binnengrêften fan Snits. "It falt ús op dat we dochs in tal meldingen fan oerlêst binne krije. We ha hjoed trije minsken in bekeuring jûn. Dan giet it benammen oer te hurd farren op it binnenwetter fan Snits. Dan belje de omwenners ús op. Dat bart my noch te faak, want ik wol dat dy minsken rêst hawwe."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Ho, stop!", ropt Bleeker ûnferwachts. Yn de fierte komt in boatsje oan mei twa jongeren derop. De famkes wurde troch de hanthavening nei de kant helle. Bleeker en D'Heer lette benammen noch op snelheid en oerlêst, mar corona is ek in ûnderdiel fan de kontrôle wurden. Sy kontrolearje no dat de wettersporters op 1,5 meter fan inoar sitte. "We sjogge dat dizze famkes op in goede ôfstân fan inoar sitte", seit Bleeker. "Mocht dat net sa wêze, dan freegje we minsken om út de boat te stappen."

Foar it peaskewykein ferwachtet Bleeker net sa'n drokte as ferline jier. "Doe lei de grêft hjir fol mei boaten. Dit jier wurdt it wol moai waar, mar ik tink dat de measte minsken harren wol oan de maatregels hâlde en gewoan thúsbliuwe."

(advertinsje)
(advertinsje)