Frysk stel nei twa wiken yn lockdown repatriearre út Súd-Afrika

11 apr 2020 - 12:45

Ynke en Arie Stok binne wer werom yn Gau, in lyts doarpke by Snits. Twa wiken letter as de bedoeling wie, want it stel siet fêst yn in lockdown yn in Súd-Afrikaansk bêd en brochje.

It stel reizge begjin maart nei Súd-Afrika en op dat stuit wie der noch net it measte oan 'e hân, sa like it alteast. Healweis de reis feroare dat wol wat, mar der wie noch gjin yndikaasje dat de weromreis in probleem wurde soe. Dat barde op in alderlêste momint, sa fertelt Arie Stok.

Fan 'e list helle

"Wylst wy oan it yntsjekken wiene op de lofthaven yn Kaapstad. It fleantúch gie noch wol, mar wy waarden fan 'e list helle. Wêrom dat krekt barde, witte wy eins noch hieltyd net. Mar nei alle gedachten hie dat te krijen mei it feit dat wy in oerstap hiene."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dêrnei hawwe sy noch oeren yn de rige stien om in plakje te finen yn in fleantúch, mar dat slagge net. Krekt foar de lockdown yn Súd-Afrika fûnen se mei wat help in bêd en brochje fan in Nederlânsk stel, dêr't sy net fuort mochten. Nei in hiel gedoch mei fergunningen en tickets koene de Stoks mei op de earste repatriearringsflecht dy't organisearre waard troch it ministearje fan Bûtenlânske Saken.

It stel is goed te sprekken oer de help dy't se krigen hawwe. De weromreis duorre njoggentjin oeren, mei in mûlkapke en net de measte fersoarging ûnderweis. "Mar dat hawwe je der wol foar oer, want je wolle nei hûs", seit Arie Stok.

(advertinsje)
(advertinsje)