GGD: 22 nije coronabesmettingen, tal ferstoarne pasjinten bliuwt gelyk

By GGD Fryslân binne de ôfrûne 24 oeren 22 nije coronabesmettingen meld. It oantal pasjinten dat sûnt de útbraak fan it firus ferstoarn is yn Fryslân, bliuwt gelyk: 27. Der binne oant no ta yn totaal 323 Friezen posityf test op it coronafirus. De Veiligheidsregio Fryslân warskôget dat minsken net ferslappe moatte yn de striid tsjin it firus.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
"Want as wy dat dogge, kin it fuortendaliks wer feroarje. Wy moatte ús oan de regels hâlde en dan komme wy der trochhinne", seit Wim Kleinhuis fan Veilgheisdregio Fryslân.

Hy is goed te sprekken oer hoe't it publyk en ûndernimmers de maatregels folhâlde. "Wy wurkje bygelyks ek gear mei ûndernimmers. Dat giet goed." Tafersjoch is en bliuwt der ek dit peaskewykein. Kleinhuis: "En as it der op oankomt hânhavenje wy fansels."
Dêrom is der mear plysje op strjitte. Ek wurde mear boa's ynset. "Der is ekstra tafersjoch by saneamde hotspots. Dêrneist binne der wat plakken ôfsluten."

Omtinken foar jongerein

Spesjaal omtinken is der foar jongerein. Sa is der in lanlike kampanje betocht om jongerein bewust te meitsjen fan de risiko's fan it coronafirus en de kâns te jaan om mei te tinken hoe't je de tiid trochkomme kinne. 'Slimmer chillen, is corona killen' is de namme fan de kampanje.
Neffens Kleinhuis is der each foar de jongerein, dy't iensum wêze kin no't de skoallen ticht binne en ek útgean net kin. "Mar 90 tot 95 persint fan de minsken, ek fan de jongerein, folget de regels goed op."
Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân