Wenbûlevaar Kapenga nimt ferskate maatregels foar peaskemoandei

11 apr 2020 - 11:41

Twadde peaskedei is foar de wen- en meubelbûlevaars altyd in topdei. Troch de maatregels yn ferbân mei it coronafirus is it dit jier oars as oars. Sikko Kapenga, eigener fan de wenbûlevaars yn Ljouwert en Wolvegea, ferwachtet minder drokte. De winkels binnen wol iepen, mar der sil tasjoen wurde op it tal besikers en ek nimme Kapenga en syn minsken maatregels om oardel meter ôfstân te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân

Twivel, ja, dy wie der wol om iepen te gean, seit Kapenga. Der wie oerlis binnen de retailbrânsj en ek hat der oerlist west mei de gemeenten. "It RIVM fynt it ek goed, as wy de maatregels mar wol opfolgje. Dat dogge wy fansels. En dat hat ús it fertrouwen jûn om iepen te gean."

Soberder

Gewoanwei is peaskemoandei for syn winkels in hichtepunt, mar yn dizze tiid is dat dochs oars. It is wat soberder, seit er. Mar praktyske problemen troch bygelyks it tal besikers of it ôfstân hâlden, sjocht hy net.

"Dêr binne wy op taret. Der is bygelyks de regel foar it tal besikers yn de winkel, dan wurdt der sjoen nei it tal kante meters. Yn trochsnee is dat ien persoan op 15 kante meter. Mar ús winkels binne grut, dus by ús is dat ien besiker op 50 kante meter. Sa wolle wy soargje dat minsken rom winkelje kinne."

Maatregels

Oare maatregels binnen bygelyks oare gongpaden en ienrjochtingsferkear. Ek krijge besikers in button op en wurdt der by de yngong teld hoefolle minsken der nei binnen gean. Kapenga: "As it te fol wurdt, slute wy de doarren. Dan moatte der earst minsken út en dan pas kinne oare minsken nei binnen."

Hy ferwachtet dizze peaskemoandei minder drokte as yn oare jierren. "De peaskedagen binne let yn april en it is moai waar. Dat bestjut faaks dat minsken earne oars hinne gean, bygelyks nei in túnsintrum. De ôfrûne wiken hiene wy ek al 75 oant 80 persint minder besikers, wy tinke dat it op peaskemoandei ek sa wêze sil."

Sikko Kapenga fan de wenbûlevaars yn Ljouwert en Wolvegea

(advertinsje)
(advertinsje)