Utwreiding testkapasiteit soarget foar mear gerêstheid by personiel Noorderbreedte

11 apr 2020 - 10:42

No't soarchpersoniel mear test wurdt, wurdt ek dúdlik hoefolle fan har it coronafirus hat. Neffens bestjoerder Henri Janssen fan soarchgroep Noorderbreedte kin mei de útwreiding fan de testkapasiteit in stik ûngerêstheid by de soarchmeiwurkers fuort nommen wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

By Noorderbreedte binne de lêste sifers dat 10 meiwurkers en 11 bewenners op de ferskate lokaasjes posityf test ha. Fjouwer bewenners binne oan de gefolgen fan it firus stoarn. Om't der troch de coronamaatregels gjin besite komme mei yn de ferpleechhuzen, hawwe de bewenners it net altyd maklik. "Wij proberen daar zo goed mogelijk op in te spelen met onze medewerkers, om toch te proberen dat de mensen de aandacht krijgen die ze nodig hebben en toch zoveel mogelijk hetzelfde leven kunnen leiden als voor corona", seit Janssen.

De situaasje makket ek yndruk op de meiwurkers fan de soarchynstellingen. "Mensen maken zich natuurlijk ongerust over hun eigen gezondheid en of ze eventueel mensen kunnen besmetten", fertelt Janssen. Sûnt ferline wike is de testkapasiteit foar soarchmeiwurkers útwreide. "Bij twijfel gaan we veel meer testen, zodat mensen ook wat geruster kunnen zijn op hun eigen gezondheid en er ook wat minder besmettingsgevaar is voor de bewoners."

Wurkdruk

Noorderbreedte kin de wurkdruk neffens Janssen noch goed oan. "We hebben geluk dat er weinig ziekteverzuim is, zeker gezien deze tijd. Het is ook zo dat natuurlijk veel extra uren die mensen normaal gesproken aan vakanties hadden besteed in april en mei, nu aan het werk besteed kunnen worden. En we hebben gelukkig nog voldoende medewerkers en een extra instroom van nieuwe medewerkers van Extra Handen voor de Zorg."

Mei help fan dizze lanlike database hat Noorderbreedte de ôfrûne wiken 42 ekstra soarchmeiwurkers ynset. Dat binne minsken dy't yn it ferline yn de soarch wurke ha en no har âlde berop wer oppakke.

Henri Janssen, bestjoerder fan Noorderbreedte

(advertinsje)
(advertinsje)