Eksperts: "Banken moatte hoareka- en toerismebedriuwen helpe"

11 apr 2020 - 10:09

Banken steane net te springen om bedriuwen te helpen dy't yn de hoareka en it toerisme te meitsjen krije mei finansjele problemen troch de coronakrisis. Dit sizze fertsjintwurdigers út beide sektoaren. Sy liede no de needklok.

Guon bedriuwen ha hiel gau jild nedich, omdat der gjin ynkomsten binne. Sa moatte de salarissen fan april betelle wurde en yn maaie ek it fakânsjejild. Der driget dus in probleem op koarte termyn foar de bedriuwen, warskôget bygelyks Marjon Soepboer.

Sy is sektorspesjalist Recreatie en Toerisme by YnBusiness en hat in soad kontakten mei bedriuwen. De need is heech, mar it kontakt fan dy bedriuwen mei de bank is dreech.

"Provincie moet rol spelen"

"Het is treurig wat ik allemaal hoor over de relatie tussen ondernemers en banken. Bedrijven moeten daar nu aankloppen. Zelfs bedrijven die nog nooit de bank nodig hadden, omdat ze het met de eigen middelen wel redden. Maar voorschotten zijn nog niet binnen. Het is voor de sector wenselijk dat de provincie hierin een rol kan spelen."

De problemen binne ôfrune wike besprutsen yn in kommisjegearkomste fan Provinsjale Steaten. Deputearre Avine Fokkens sei dat sy de problemen by de banken oankaarte wol.

Er is dan bijvoorbeeld geen cash beschikbaar om in april de salarissen te bepalen en daarna ook het vakantiegeld.

Gerard Kremer

Gerard Kremer, fan de Toerisme Alliantie Friesland, in platfoarm foar Fryske mkb-bedriuwen yn dy sektor, hat grutte soargen oer de koarte termyn. "Er is dan bijvoorbeeld geen cash beschikbaar om in april de salarissen te bepalen en daarna ook het vakantiegeld."

Gjin liening

Ek op lange termyn sjocht hy gefolgen, seit er. "Door de crisis zullen veel bedrijven uiteindelijk hun eigen vermogen hebben 'opgegeten. Als je dan vervolgens in de toekomst een lening nodig hebt, zal de bank zeggen: 'Dat kan niet, want uw eigen vermogen is te klein'."

Soepboer en Kremer krije stipe fan Sjoerd Galema. As foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Fryslân neamt hy yn it bysûnder bedriuwen dy't in lokaasje hiere. "Dat binne bedriuwen dy't faak hiel gau hiel kwetsber binne."

Harkje nei Marjon Soepboer, Gerard Kremer en Sjoerd Galama

(advertinsje)
(advertinsje)