Kollum: "De NOS oer begrave en kremearje"

"Yn Nederlân binne der trije wizen fan omgean mei ferstoarne minsken. It is wat swier op de mage, sa betiid op de sneon, mar ja, de dea heart no ienris by it libben. Dêr binne we de lêste tiid mei syn allen wol wer even achter kaam.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Yn Nederlân meie jo begroeven wurde, kremearre of jo kinne jo lichem oan de wittenskip jaan, dy't der ûndersyk op ferrjochtsje kin. Der is noch ien opsje, dat is in seemansgrêf, as it omskot op iepen see net bewarre wurde kin of op tiid oan wâl brocht wurde kin. Mar dat komt hast net mear foar. Resomearje is in nije ûntjouwing, mar dat stiet de wet noch net ta.
Ik kaam in fragmint fan it NOS-sjoernaal tsjin, dat gie oer de ferskillen tusken begrave en kremearje. It wie in op it miljeu rjochte filmke. Neffens it flintertinne ferhaaltsje soe kremearje nochal wat mear CO2-útstjit betsjutte as begrave. Dus, sa seit it NOS-berjocht, soe in beppesizzer dat kompensearje kinne troch, neidat se beppe nei it krematoarium brocht ha, in jier lang trije dagen gjin fleis te iten. Dan soe beppe neffens de NOS aardich kompensearre wêze troch de rouwende beppesizzers. Ik betink it echt net.
Begrave is ek net sa goed foar it miljeu, neffens it NOS-filmke. Dat gesleep mei dy grêfstiennen út India en Sina wei is net goed foar de luchtfersmoarging. Mar, folle slimmer, it begraven soe fierstente folle romte opslokke en op dy romte moat fuotballe wurde. Neffens de NOS nimt ien bedobbe persoan 10 fjouwerkante meter yn beslach. Nochris, dit betink ik net, mar dit wurdt ús troch de nasjonale stjoerder as foarljochting ferteld. It soe yn it jier 2016 yn totaal om 80 fuotbalfjilden oan romte gean, as we alle ferstoarnen nei in begraafplak brocht hienen.
No bin ik aardich thús yn de iepenbiere romte as it oer grêven giet. Ik ha der deistich mei te krijen. In gemiddeld grêf op in normaal begraafplak is 2,5 meter lang by 1 meter breed. Op de measte âldere tsjerkhôven is dat sels noch lytser, mar litte we dizze romme maten oanhâlde. Ien kear 2,5 is neffens my 2,5 kante meter. Wa't de NOS dan op dy oare 7,5 kante meter ûnder de seadden ha wolle soe, is my folslein ûndúdlik.
Sels in hiele Grutte Pier nimt mar de lytste helte yn beslach fan wat de NOS yn dat filmke seit. Soks hjit ferkearde ynformaasje ferstrekke, mar it leit tsjintwurdich wat gefoelich om dat sa te sizzen. Miskien parafrasearje jo de berjochten net goed. Dat parafrasearjen is in nij moadewurd. It betsjut dat je wat ien sein hat totaal oars útlizze en dan fine dat jo gelyk ha, en net deselde dy't it oarspronklik sein hat. Hiel bysûndere, moderne en hippe ûntjouwings yn de kommunikaasje binne dat. Foar praktykfoarbylden ferwiis ik jim graach nei de iepenbiere debatten yn de Twadde Keamer der Steaten-Generaal yn Den Haag. Dêr binne se al hiel fier yn dizze nije wize fan oan immens stuolspoaten seagjen.
Hawar, werom nei it NOS-berjocht. Ik fyn it kwealik dat der net mear ûndersyk of wol research yn sa'n berjocht stutsen wurdt, want it giet hjir gewoan om kille sifers en net om in nij firus dêr't we noch hast neat oer witte."