Liveblog | 11 april 2020

Coronanijs 11 april: Gjin nije stjergefallen, wol 22 nije besmettingen

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 12 april 2020, 07:59
22:30

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog. Snein om 07.00 oere hinne binne wy der wer. Elkenien tank foar it folgjen! Dit wie it wichtichste nijs fan sneon 11 april:
22:21

Tekst as stipe op 'e Aldehou

Op 'e Aldehou yn Ljouwert wie sneontejûn de tekst 'ik beloof alles te doen om mensenlevens te redden' te sjen. It wie foar de lanlike aksje #SOSMoria, om de Nederlânske oerheid der fan te oertsjûgjen fuortendaliks flechtlingen fan de Grykske eilannen te evakuearjen. Dêrmei moat in medyske en humanitêre ramp foarkommen wurde, sizze de inisjatyfnimmers.
© ProNews
21:57
21:51

Fideodeiboek fan in ferloskundige: "Bliuw foaral beljen as der twivel is"

Ferloskundige Klaske Lyklema út Eastermar hat alle dagen te krijen mei de gefolgen fan it coronafirus. Yn har praktyk 'Wolkom' wol Lyklema waarme soarch jaan sadat minsken harren ek echt wolkom fiele. Se fertelt yn de vlog foar de rige 'Berjochten út it hert' hoe't ferloskundigen troch corona harren oanpasse moatte. En dat docht sear.
© Omrop Fryslân
21:15

Snein wer tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Yn Fryslân ferfalle de kommende wiken in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert de Omrop alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt snein wer út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en begjint om 10:00 oere. Foargonger is dizze kear dûmny Sytze Ypma en Jochem Schuurman is de oargelist.
Dûmny Margarithe Veen © Omrop Fryslân
20:46

Soargen oer operaasjes

Anestesisten meitsje har soargen no't in soad operaasjes dy't se gewoanwei begeliede, net trochgean kinne. Dat meldt EenVandaag. Anestesisten binne no manmachtich dwaande mei it behanneljen fan coronapasjinten. Dizze tiid kinne sy net besteegje oan it begelieden fan operaasjes of pinebehannelingen.