Coronanijs 11 april: Gjin nije stjergefallen, wol 22 nije besmettingen

11 apr 2020 - 22:30

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn totaal binne yn Fryslân 27 minsken ferstoarn oan it firus, en 323 minsken binne posityf test;
  • Der binne sneon gjin nije stjergefallen by kommen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:30
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog. Snein om 07.00 oere hinne binne wy der wer. Elkenien tank foar it folgjen! Dit wie it wichtichste nijs fan sneon 11 april:

  • GGD: 22 nije coronabesmettingen, tal ferstoarne pasjinten bliuwt gelyk;
  • De feilichheidsregio's binne oer it algemien tefreden oer de wize wêrop't de maatregels tsjin it coronafirus sneon neilibbe binne;
  • Banken steane net te springen om bedriuwen te helpen dy't yn de hoareka en it toerisme te meitsjen krije mei finansjele problemen troch de coronakrisis;
  • No't soarchpersoniel mear test wurdt, wurdt ek dúdlik hoefolle fan har it coronafirus hat.
22:21
Tekst as stipe op 'e Aldehou

Op 'e Aldehou yn Ljouwert wie sneontejûn de tekst 'ik beloof alles te doen om mensenlevens te redden' te sjen. It wie foar de lanlike aksje #SOSMoria, om de Nederlânske oerheid der fan te oertsjûgjen fuortendaliks flechtlingen fan de Grykske eilannen te evakuearjen. Dêrmei moat in medyske en humanitêre ramp foarkommen wurde, sizze de inisjatyfnimmers.

Foto: ProNews
21:51
Fideodeiboek fan in ferloskundige: "Bliuw foaral beljen as der twivel is"

Ferloskundige Klaske Lyklema út Eastermar hat alle dagen te krijen mei de gefolgen fan it coronafirus. Yn har praktyk 'Wolkom' wol Lyklema waarme soarch jaan sadat minsken harren ek echt wolkom fiele. Se fertelt yn de vlog foar de rige 'Berjochten út it hert' hoe't ferloskundigen troch corona harren oanpasse moatte. En dat docht sear.

Foto: Omrop Fryslân
21:15
Snein wer tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Yn Fryslân ferfalle de kommende wiken in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert de Omrop alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt snein wer út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en begjint om 10:00 oere. Foargonger is dizze kear dûmny Sytze Ypma en Jochem Schuurman is de oargelist.

Dûmny Margarithe Veen - Foto: Omrop Fryslân
20:46
Soargen oer operaasjes

Anestesisten meitsje har soargen no't in soad operaasjes dy't se gewoanwei begeliede, net trochgean kinne. Dat meldt EenVandaag. Anestesisten binne no manmachtich dwaande mei it behanneljen fan coronapasjinten. Dizze tiid kinne sy net besteegje oan it begelieden fan operaasjes of pinebehannelingen.

19:50
Hynstedagen Driezum-Wâlterswâld útsteld nei takom jier

De Hynstedagen yn Driezum-Wâlterswâld dy't yn july hâlden wurde soene, geane net troch. Dat hat it bestjoer sneontejûn bekend makke. De 31ste edysje wurdt ferskood nei takom jier.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
18:55
Feilichheidsregio's tefreden oer sneon

De feilichheidsregio's yn Nederlân binne oer it algemien tefreden oer de wize wêrop't de maatregels tsjin it coronafirus sneon neilibbe binne. It wie wat drokker by guon wenwinkels en túnsintra, mar dat smiet gjin grutte problemen op. As de winkels harren oan de maatregels holden, lykas in maksimumtal klanten, wie it gjin probleem dat it wat drokker wie.

18:29
Nij ferdielmodel beskermingsmiddelen

In nij ferdielmodel moat derfoar soargje dat mûlkapkes en letter ek oare beskermingsmiddelen op it plak terjochte komme dêr't se it hurdst nedich binne. It nije model dat moandei yngiet, hâldt minder rekken mei sektoaren, mar sjocht benammen nei de besmettingsrisiko's.

It kabinet kundige it nije model oan nei't de Twadde Keamer krityk hie dat der te min beskermingsmiddelen wiene foar de ferpleech- en thússoarch.

Foto: Shutterstock
17:57
Aktuele stân fan saken
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)