Boubedriuwen sette ekstra ferfier yn om trochbouwe te kinnen

11 apr 2020 - 07:55

Fryske boubedriuwen witte hieltyd better it paad nei de klanten wer te finen. De nijbouprojekten gean stadichoan wer troch en ek renovaasjewurksumheden nimme wer ta. Dêrfoar moat der wol handich omgien wurde mei it ferfier fan wurklju en materieel nei de bouplakken ta. Troch de rjochtlinen fan it RIVM moat sawol op it wurk as by de reis der nei ta de oardel meter ôfstân yn acht holden wurde.

Friso Bouwgroep út Snits hat sa'n fiifhûndert meiwurkers en mear as de helte dêrfan moat nei in bouplak ta. Se meie net mear mei-inoar yn in buske. "En dat is dus in probleem", seit Johan Keuning fan Friso Bouwgroep. "Meitsje we oars in soad gebrûk fan carpooling, mei meardere minsken yn ien buske, dat is no net mooglik. Dus ha we ús weinpark fan needs útwreide mei sa'n tweintich ekstra buskes, sadat elkenien no achter mekoar oan nei it wurkplak ride kin."

Foto: Omrop Fryslân

Maatregels op de boulokaasje:

  • Kom safolle mooglik mei de eigen auto nei it wurk.
  • Oardel meter ôfstân hâlde op it bouplak.
  • Oardel meter ôfstân hâlde yn it boubuske. Twa persoanen foaryn kin dus net mear.
  • Net fûstkje mei de klant, kollega's, besikers of leveransiers.
  • Om beurten ite, oardel meter ôfstân hâlde yn de keet.
  • Waskje dyn hannen faker.
  • Meitsje it húske yn de keet faker skjin.
  • Bliuw thús ast siik bist, ferkâlden bist of koarts hast.

By boubedriuw Dijkstra Draisma yn Dokkum en Boalsert is derfoar keazen om yn de buskes in plastic skot tusken de sjauffeur en de byriders te setten, sadat der dochs meardere minsken tagelyk yn ride kinne. "Dêrtroch is fysyk kontakt útsletten, sadat ús wurknimmers feilich nei har wurk ride kinne", fertelt Wibo Douma fan Dijkstra Draisma. "Boppedat kinne ús minsken yn de bou no ek gebrûk meitsje fan de elektryske auto's dy't oars foar it kantoarpersoniel binne."

Foto: Omrop Fryslân

In protte oare boubedriuwen freegje harren wurknimmers om mei de eigen auto nei it wurkplak te kommen. Sa hoege allinne de boufakkers dy't gjin auto ha mei in buske mei.

Boubedriuwen yn Fryslân binne der wiis mei dat se noch trochgean kinne mei it wurk. Guon lytsere putsjes, lykas it pleatsen fan in dakkapel of in lytse útbou, nimme se net mear oan. De boufakkers moatte dan te ticht op mekoar wurkje.

Wibo Douma fan boubedriuw Dijkstra Draisma

(advertinsje)
(advertinsje)