FIDEO: 'Dat minsken mear thúswurkje is posityf foar Fryslân'

Fryslân kin profitearje fan it feit dat hieltyd mear minsken thúswurkje. Dat stelt Sjoerd Galema fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW regio Fryslân. "Mei ús provinsje as wen- en wurkomjouwing winne we it fan oare plakken yn Nederlân", seit er yn It Polytburo - Fryslân Moarn.
It jout Fryslân kânsen, neffens Galema. "Mei it thúswurkjen is it minder in obstakel dat it measte wurk yn de Rânestêd sit. Yn de takomst kin it posityf útwurkje foar Fryslân." Minsken kinne sa yn Fryslân wenje, wylst se wurkje foar in bedriuw yn it Westen.

'Krij alles wer oan de gong'

De toeristyske sektor krijt hurde klappen yn de coronakrisis. By VNO-NCW krije se in protte telefoantsjes fan ûndernimmers. "Bedriuwen yn dy sektor moatte it yn in healjier fertsjinje, sis mar."
It mindere healjier hiene se krekt hân, de kommende moanne moast it gebeure. "En no krije se dit. Dus wy fine dat de lanlike oerheid sjen moat om de yntelliginte lockdown om te setten nei in tûke manier om alles wer oan de gong te krijen. Sa kinne dizze ûndernimmers en de meiwurkers dochs noch wat meipakke fan de simmer."
Galema wie, nei Klaas Sietse Spoelstra ferline wike, de twadde gast yn de nije fariant fan It Polytburo. Yn it programma praat presintator Eric Ennema mei gasten út ûnder oare it bedriuwslibben, de polityk en de kultuer oer de coronakrisis.
It Polytburo - Fryslân Moarn wurdt freeds om 17.30 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Dêrnei wurdt it alle oeren opnij útstjoerd nei Hea! en is it fansels ek online te finen.