Gefolgen wettersteuring súdwesten noch oant tiisdei te fernimmen

De wettersteuring dy't sa'n tsientûzen húshâldens treft yn it súdwesten fan ús provinsje hat yn elts gefal oant tiisdei syn útwurking op it gebiet. Tongersdeitejûn om njoggen oere hinne ûntstie der in lekkaazje yn in grutte transportlieding fan it wetterproduksjepunt Spannenburch, rjochting Sleat.
© ANP
It lek is yntusken tichte troch monteurs, mar de transportlieding bliuwt yn elts gefal oant en mei tiisdei ôfsletten. Vitens moat neffens de hygiënerjochtlinen wettermeunsters nimme en dizze meunsters wurde op kweek set.

Teste op baktearjes

"We moeten zeker zijn dat er geen bacteriën zijn achtergebleven", fertelt wurdfierder Cornelis Vlot fan Vitens. "De monsters worden op kweek gezet en pas na een aantal dagen komen die resultaten binnen."
Tiisdei folget dêr de útslach fan en dan kin dus besletten wurde oft de lieding wer iepen mei, of dat der noch in reiniging yn de lieding plak fine moat. It betsjut foar de pyktiden, benammen moarns en jûns, dat minsken yn it súdwesten fan de provinsje noch lêst hâlde kinne fan in lege wetterdruk. Ek kin it wetter brún wêze.
Wurdfierder Cornelis Vlot fan Vitens