Plysje fynt twa himpkwekerijen yn Ljouwert en hâldt twa minsken oan

10 apr 2020 - 19:19

De plysje hat freed op twa plakken yn Ljouwert himpkwekerijen fûn. Yn totaal binne der twa fertochten oanholden. Sy hiene in kwekerij oan de Jacob Binckesstraat. Ek oan de Magnoliastrjitte fûn de plysje ferskate planten en materiaal. Dêr is gjinien oanholden.

Foto: Pixabay

Oan de Jacob Binckesstraat hie de plysje in melding krigen oer mooglik húslik geweld. In man (24) wie it hûs útrûn, mar de plysje koe him oanhâlde. Binnen fûn de plysje dêrnei de himpkwekerij, mei 500 planten en stroom dy't stellen waard. Dêr is ek noch in frou fan 33 jier oanholden. De plysje hat de auto fan de man en frou ek yn beslach nommen.

Oan de Magnoliastrjitte fûn de plysje trije tinten yn in hûs. Yn al dy tinten stiene 80 himpplanten. Dy planten, tinten en oar materiaal binne ek ynnommen. Dêr hat de plysje net ien oanholden.

(advertinsje)
(advertinsje)