Arriva set masinisten en sjauffeurs yn by ferpleechhuzen

10 apr 2020 - 17:04

Ferfierbedriuw Arriva set meiwurkers yn by twa lokaasjes fan soarchsintra Erasmus en Abbingahiem fan Noorderbreedte. Sy moatte dêr yn goede banen liede dat minsken dochs noch op besite kinne by famylje.

"We hawwe op dit stuit troch de 'afschaling' in tal minsken dy't wol tiid hawwe om oare dingen te dwaan", seit direkteur fan Arriva Anne Hettinga. "Doe it plan ûntstie wie der direkt in enoarm entûsjasme by Arriva. Doe ha we kontakt opnaam mei Noorderbreedte."

Ophef

Der ûntstie ôfrûne moanne ophef troch in stek wat pleatst waard by de tehuzen, om foar te kommen dat de minsken fan bûten kontakt ha koenen mei de pasjinten. No't it personiel fan Arriva der op ta sil sjen dat it besyk genôch ôfstân hâldt, is it foar famylje wer mooglik om mûnling kontakt te hawwen mei de bewenners.

"In bytsje tasicht hâlde op in freonlike manier. Sa as wy ek wend binne om mei ús reizgers om te gean", seit Hettinga. "Op in hiele soarchfâldige manier. Dêr bin ik wol grutsk op", sa seit Hettinga. Arriva sil der mei trochgean sa lang as de ferpleechhuzen dat wolle.

Hertferwaarmjend

Noorderbreedte neamt it oanbod fan Arriva 'hertferwaarmjend'. "Juist door positieve samenwerkingen als deze kunnen we ons gezamenlijk door deze moeilijke tijd heenslaan", seit bestjoerder Henri Janssen. It stek by Noorderbreedte Refalidaasje bliuwt wol stean, seit Janssen. "Omdat er op deze locatie geen enkele andere redelijke manier is om de privacy en veiligheid van de cliënten te waarborgen."

By Erasmus en Abbingahiem binne der ek stekken delset, mar dat is om in oare reden: "Op deze locaties zijn er geen afgeschermde buitenterreinen. Door hekken te plaatsen realiseren we veilige buitenruimten waar bewoners kunnen genieten van het lentezonnetje. En dat is enorm belangrijk, omdat juist de buitenlucht goed is voor het welzijn en het welbevinden van iedereen."

Direkteur Anne Hettinga fan Arriva

(advertinsje)
(advertinsje)