Fryslân fan boppen: lit jo boadskip sjen

10 apr 2020 - 17:00

Fan woansdei ôf fljocht der twa wiken lang op wurkdagen in drone of in helikopter boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante stjoere de bylden út.

It plan foar de tocht is ûntstien by de Fryske boargemasters. Sy woene sjen oft se op ien of oare wize de Friezen in hert ûnder de riem stekke koene. De organisaasje fan LF2028 kaam mei it idee foar de tocht mei de helikopter en de drone. It is net nij. Yn België wurdt ek flein. Dêr filmet in drone minsken dy't in moaie boadskip bringe wolle yn de coronakrisis.

Spesjale rûtes troch de provinsje

Alle gemeenten yn Fryslân wurde oandien. De start is kommende woansdei, der wurdt in foar Fryslân histoarysk belangrike rûte flein seit projektlieder Lieuwe Krol fan LF2028: "We fleane op de earste dei de rûte dy't de Kanadezen 75 jier lien ôflein ha foar de befrijing fan Fryslân. Dêrneist fleane we ûnder oare oer De Slachte, de Alde Feanen en de Alvestêderûte."

Krekt as yn België freegje se ek hjir Friezen om mei in boadskip te kommen, seit artistyk lieder Marten Winters: "We roppe minsken op lâns de rûte dat te dwaan, mar net de regels te brekken. Dus net mei syn allen earne byinoar stean mar gewoan yn de eigen tún."

Dedzjum fanút de loft - Foto: Omrop Fryslân

Op in oantal plakken komme soarte fan yntervinsjes, seit Winters: "Dêr litte we keunstners of bygelyks ûndernimmers wat dwaan. Dy kinne dan harren boadskip kwyt of wat sjen litte. Mar lit helder wêze: It wurdt absolút gjin keunstrûte. It is in rûte dy't giet oer Fryslân en de minsken. Om inoar, ek al binne we net byinoar, in hert ûnder de riem te stekken."

Slow tv

It moat neffens Winters moaie slow tv wurde: "Dêr't je lekker rêstich nei sjen kinne. Just yn dizze tiid is ferbylding in goed ding. Dus in moai gedicht, in moai... betink it mar. Ik tink dat we dêr wol ferlet fan ha."

Foar it projekt wurde Fryske kultuermakkers en ZZP'ers ynset dy't no thús sitte. Sa krije dy de kâns dochs noch wat te fertsjinjen.

Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante slaan foar dit projekt de hannen yninoar. De bylden wurde troch beide media tagelyk útstjoerd. De eksakte rûteskema's en tiden, dus oer hokker doarpen en wiken flein wurdt, wurde ynkoarten publisearre.

(advertinsje)
(advertinsje)