Bouboeren ha it dreech mei drûge en hurde grûn

Boulân bereine noch foar't der wat yn 'e grûn sit, is útsûnderlik. Mar omdat de bougrûn op dit stuit hurd en drûch is wurde der yn it noarden fan Fryslân ferskate perselen lân bereind.
Drûge en hurde grûn is lestich foar de bouboeren
Yn Marrum makket boer Klaas Schuiling syn lân mei in freesmasine klear foar de biten. Achter syn reade trekker stoot it lân, lykas oars yn de simmer. "It is lestich, mar it moat want de sûkerbiten moatte heechnedich de grûn yn." Mei ien rûntsje oer it lân is it net klear. Pas nei twa kear frezen en ien kear rôljen kin it lân ynsiedde wurde.
Boulân noch foar de Peaske bereine is útsûnderlik © Omrop Fryslân
"In pear buikes binne mear as wolkom", is it kommentaar fan Tineke de Vries fan LTO Noord. It ierappellân foar har pleats is sa hurd dat se mei in skeppe amper de grûn yn komt. "De grûn is beton gelyk. Mei de ierappels ha we noch wol wat tiid, mar oare gewaaksen kinne net wachtsje. It is lestich foar de boeren, mar it is op it stuit net ús grutste probleem."
Bereinen bart yn 'e regel pas as der wat yn de grûn sit en net dêrfoar al.... © Omrop Fryslân
De jirpelboeren sitte mear yn noed oer de gefolgen fan de coronakrisis. De foar in grut part stilfallen eksport en it sluten fan de hoareka drukt fuortendaliks de priis fan de konsumpsjejirappels dy't ferboud wurde foar de produksje fan patat.
It is foar de bouboeren in nije situaasje, dy't net te lang duorje moat. "De minsken moatte dochs ite, dat is ús hâldfêst. Mar dizze krisis is oars", seit De Vries. LTO rekkenet der dêrom op dat de oerheid ek de lânbousektoaren dy't troch de krisis troffen wurde helpe sil.
Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Tineke de Vries fan LTO Noord