75.000 euro foar trije meter hege blaugriene 'hûn mei lampe yn 'e bek'

De riedsleden fan VVD en Partij voor de Boeren yn Tytsjerksteradiel binne ferbjustere troch in keunstoankeap fan de gemeente. It stekt harren dat it kolleezje fan B&W yn tiden fan coronakrisis 75.000 euro útjout foar in keunstwurk dat se 'in hûn mei in lampe yn 'e bek' neame.
De partijen skriuwe dat 'over smaak niet te twisten valt, maar de timing is totaal verkeerd'. Neffens de partijen ha in soad ûndernimmers en ynwenners fan de gemeente op dit stuit finansjele swierrichheden troch de coronakrisis. Se fine it dan ek frjemd dat de gemeente in brûnzen hûn fan trije meter heech kocht hat, om it Van Sminiaplein yn Burgum mei op te fleurjen.

Blauwe Hond

It byld, Blauwe Hond, is ûntwurpen troch twa keunstners út Deventer. It is in byld fan hast trije meter heech, fan blaugrien brûns. De keunstners sizze sels oer harren kreaasje dat 'wij niet zomaar voor een hond en lamp hebben gekozen. Er is geen enkel ander dier waar mensen al zo lang mee verbonden zijn. En zoals de hond verbonden is met huis en haard, de lamp bevestigt dat dit plein een thuisplek is'.
VVD en Partij voor de Boeren yn Tytsjerksteradiel binne fan doel om yn ien fan de kommende riedsfergaderingen in moasje yn te tsjinjen wêrmei't de oankeap annulearre wurde kin.