Ferieningen De Jouwer steane te springen om in brûsplak

10 apr 2020 - 15:28

Der is in grut ferlet fan in sosjaal en kultureel brûsplak op De Jouwer. Dat blykt út ûndersyk dat holden is ûnder in lytse hûndert ferieningen yn it doarp. In soad ferieningen binne drok op syk nei in ûnderkommen, sa as de Jouster Fanfare. Der is no yn kaart brocht wat krekt winsken binne.

"Wêr't ik hiel bliid mei bin is dat in grut part fan de ferieningen meiwurkje wol oan it idee fan in brûsplak. Dat is in plak dêr't we mei ús allen by inoar komme en inoar stimulearje om nije saken te ûntwikkeljen of te dwaan oan talintûntwikkeling", fertelt Tjitske Stegenga, ien fan de lûkers.

'Sjen wêr't it kin'

It leit dan it meast foar de hân om dit op ien plak te dwaan. "De folgjende stap is om te sjen wêr't dat kin. Yn it ûndersyk hawwe ferieningen ek oanjûn wêr't se krekt ferlet fan hawwe, lykas it oantal fjouwerkante meters en foar hokker funksjes se de romte brûke wolle." Mei dizze ynformaasje wurdt op syk gien nei geskikte plakken.

Ien fan de plakken dy't in soad neamd wurdt is de evenemintehal, in lege sporthal. "Dy stiet ek op de list, mar is wol hiel âld dus der soe dan in soad oan barre moatte", seit Stegenga. Oare opsjes binne by Swimfun, by sporthal de Stuit of It Haske. "We sille ûndersykje oft we hjir oanheakje of bybouwe kinne." At der neat geskikts is, dan slút Stegenga de opsje foar nijbou ek net út.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach op De Jouwer

(advertinsje)
(advertinsje)