SOS-needsinjaal op Aldehou foar flechtlingen op Grykse eilannen

10 apr 2020 - 15:19

Ljouwert stjoert sneontejûn om tsien oere jûns in SOS-needsinjaal út fan de Aldehou ôf. Doel dêrfan is om it regear derfan te oertsjûgjen om fuortendaliks flechtlingen fan de Grykse eilannen te evakuearjen, om in medyske en humanitêre ramp foar te kommen. De aksje is in inisjatyf fan kultureel ûndernimmers yn gearwurking mei LF2028 en #LeeuwardenProjections.

Foto: Ruben van Vliet Fotografie

Minsken wurdt frege om mei te dwaan en sels in SOS-sinjaal yn lûd of ljocht út te stjoeren: koart koart koart - lang lang lang - koart koart koart.

Ljouwert slút hjir mei oan by de lanlike aksje foar #SOSMoria. Dat is in estafette wêrby't alle dagen fan ikoanyske plakken ôf in needsinjaal jûn wurdt foar de jonge flechtlingen yn Grikelân. Ljouwert is ien fan de 32 Nederlânske gemeenten dy't minderjierrige bern dêrwei opfange wol.

(advertinsje)
(advertinsje)