Larissa (17) al mear as twa wiken fermist; mooglik fêstholden yn Ljouwert

De 17-jierrige Larissa Sinnema wurdt al twa wiken fermist. It famke is op 27 maart fuortrûn út in soarchynstelling yn Hengelo. Larissa komt oarspronklik út Ljouwert. De plysje tinkt dêrom dat se dêr no is. Mooglik wurdt se tsjin har wil fêstholden.
© Plysje
Der binne grutte soargen oer it wolwêzen fan Larissa, omdat der sûnt begjin april gjinien noch wat fan har fernaam hat.
Larissa is 1.65 meter lang en hat blond hier en blauwe eagen. Minsken dy't ynformaasje ha oer de fermissing wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje op it nûmer 0800-6070.