Reade wikel moat tsjerkhôven Jellum-Bears beskermje

In proef mei reade wikels (torenvalk) om oerlêst fan mûzen te bestriden. Dêrmei besiket de PKN gemeente Westerwert skea oan tsjerkhôven tsjin te gean.
Reade wikel © Shutterstock.com
De ôfrûne jierren binne de tsjerkhôven fan Jellum en Bears flink oantaast troch ûngedierte, en dan benammen troch mûzen. Yn oerlis mei in ûngediertebestrider is optocht om it ûngedierte op in natuerlike wize te bestriden.

Grutte skea troch mûzen

Freedtemoarn binne nêstkastkes foar reade wikels pleatst. It giet hjir om in proefopstelling foar de tsjerklike PKN gemeente Westerwert. Ofhinklik fan it ferrin fan de proef sille ek de oare tsjerkhôven mei nêstkastkes útrist wurde.
De mûzen binne flink tekear gien. Yn totaal is der dit jier op de beide tsjerkhôven 26 m3 ekstra grûn opbrocht en der is nij gers ynsiedde.