Ferneamd restaurateur Yde Schakel (91) ferstoarn

10 apr 2020 - 14:31

Yde Schakel út Allingawier is tongersdeitejûn yn Snits ferstoarn. Hy wie 91 jier. Schakel waard bekend as eigener fan in grut restauraasjebedriuw, dêr't hy tal fan grutte projekten by de kop hie.

Yde Schakel - Foto: Omrop Fryslân

Schakel wie yn 'e jierren sechstich de grûnlizzer en direkteur fan in grut restauraasjebedriuw yn Eksmoarre. Hy waard ferneamd mei projekten lykas it gebou fan De Friesland Bank yn Frjentsjer, de Aldehou yn Ljouwert mar ek de festingstêd Bourtange yn Grins wie in projekt fan Schakel.

Dêrneist sette hy de Aldfaers Erfroute yn Eksmoarre en Allingawier op. Yn 'e gloarjetiid kamen der jierliks tsientûzenen minsken nei museale attraksjes yn de plakjes Piaam en Skuzum.

Oprjochting IFKS

Hy hat ek jierren belutsen west by de IFKS, dy 't er mei oprjochte hat. Schakel woe graach oparbeidzje mei de SKS, oare bestjoersleden seagen dêr net folle yn.

Sels boude Schakel foar him en syn frou in kastieltsje yn Allingawier, dat Allingastate neamd waard. De lêste jierren hannele er noch yn moaie skilderijen en oar antyk. Syn memoires hat er tegearre mei Klaas Jansma skreaun yn Hoge Vlucht.

Nije wike woansdei sil Schakel yn Allingawier te hôf brocht wurde.

Yn de simmer fan 2002 gie Geert van Tuinen foar syn programma Van Tuinen thús del op Allingastate:

(advertinsje)
(advertinsje)