FIDEO: Cambuurspilers belje mei iensume âlderen

10 apr 2020 - 13:59

De spilers fan Sportclub Cambuur belje dizze wike mei iensume âlderen. De stichting Cambuur Verbindt hat in oprop dien en dêr kaam in list fan mear as hûndert supporters út. It binne faak âlderen, dy't troch de corona-krisis hast gjin besite krije. Hast alle Nederlânsktalige spilers dogge mei, sels âld-Cambuurkeeper Xavier Mous (no keeper by PEC Zwolle). Omrop Fryslân seach mei hoe't Michael Breij it die.

(advertinsje)
(advertinsje)