Jonge Lemsters ferniele loads

De plysje hat fjouwer jongeren tusken de 14 en de 19 oanhâlden omdat se foar 40.000 euro skea oanrjochte ha yn in loads op De Lemmer. De jongeren hiene de loads ynrjochte as hingplak. Yn de loads lei guod fan ferskate minsken. Doe't ien fan har der kaam te sjen, seach se de jeugd, dy't doe hurd útnaaide. Trochdat ien fan har in skoaltas lizze liet, koene de fertochten oanhâlden wurde.
Se ha ûnder oare in antike kast fernield, skilderijen stikken snijd en bylden fernield mei golfklups. Fierder is der ek guod stellen.
Mei-inoar binne acht jongeren mandelich oan it oanrjochtsjen fan de skea. Der wurdt besjoen oft de skea op harren ferhelle wurde kin.