Guon campings dochs iepen mei Peaske: "It is hiel dûbeld"

10 apr 2020 - 13:12

As it oan SVR (Stichting Vrije Recreatie) leit, kinne we mei it Peaskewykein 'gewoan' nei de camping. Der binne neffens de stichting genôch lytsskalige camping dêr't je ferbliuwe kinne sûnder gebrûk te meitsjen fan de sanitêre foarsjennings.

Camping de Stjelp - Foto: Facebook: Camping de Stjelp

Minycamping De Stjelp yn Aldegea (Smellingerlân) is ien fan de campings dy't dit wykein wol iepen is. "Yn oerlis mei SVR en Smellingerlân ha we besletten de minsken de gelegenheid te jaan om te kommen", seit Aline de Jong fan De Stjelp. Dat kin dan mei in saneamde glamping, lúkse kampearjen.

"De glampingtent en de trekkershutten binne selsfoarsjennend", seit De Jong. Dy beskikke bygelyks oer in eigen toilet, wêrtroch de gasten net gebrûk meitsje te hoegen fan sanitêre foarsjennings op de camping. "Dêrneist ha we yn it foar in telefoanysk oerlis mei de gasten. En tsjin ús gastfrijheid yn litte we gjin minsken út besmette gebieten ta. Dy minsken moetsje we graach op in oar momint."

De camping ferwachtet dit wykein net in soad gasten. "Je moatte it sjen as hiel lytsskalich. Mar we ha gjin idee hoefolle presys", seit De Jong.

Skuldich

De Jong hat der fanwege alle coronaproblematyk eins wol in bytsje muoite mei om de camping iepen te dwaan. "It is hiel dûbeld. We fiele ús eins hast skuldich", seit De Jong.

Minsken dy't harren net oan de regels hâlde kinne, wurde neffens De Jong dan ek direkt fan it terrein fuortstjoerd. Dêrneist meie de campinggasten ek gjin besite ûntfange.

Alina de Jong oer it kampearjen yn coronatiid

(advertinsje)
(advertinsje)