Fryske jongerein fielt him iensum yn tiden fan corona

10 apr 2020 - 13:02

Troch alle maatregels fan it regear yn de striid tsjin it coronafirus fielt de Fryske jongerein him iensum. Dat docht bliken út ûndersyk fan GGD Fryslân ûnder 5500 ynwenners fan ús provinsje.

Benammen jongerein tusken de 12 en 24 jier sizze yn it ûndersyk dat se freonen en famylje misse. Neffens direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân wie de útkomst opfallend. "Waar je verwacht dat ouderen zich eenzamer voelen, zijn het vooral jongeren die hun sociale leven missen. Die geven aan dat ze het verenigingsleven missen, uitgaan, of de contacten op school. Afstand houden is voor die groep ook heel moeilijk."

Jeugdsoarch - Foto: Shutterstock.com

Neffens De Graaf moat de jongerein net it gefoel krije dat se harren freonen hielendal net mear sjen meie: "We moeten er niet alleen op hameren bij jongeren dat ze bij elkaar weg moeten blijven en dat ze afstand moeten houden. Ze moeten ook weten dat je nog best met één of twee vrienden af kan spreken, zolang je allemaal geen klachten hebt en op anderhalve meter afstand van elkaar blijft. Als iedereen zich aan de regels houdt, kun je nog best met elkaar afspreken."

Jongerein dy't dat wol, kin chatte mei GGD Fryslân, of fia in kontaktpersoan fan de GGD op skoalle kontakt opnimme.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer it ûndersyk

(advertinsje)
(advertinsje)