Noch gjin coronabesmetting yn Fryske AZC’s

10 apr 2020 - 12:26

De Fryske AZC's binne noch altyd sûnder coronabesmettings. Dat seit in wurdfierder fan it COA. Yn hiel Nederlân binne der oant no ta 5 asylsikers besmet mei it firus, mar yn Fryslân noch net.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It COA docht der alles oan om foar te kommen dat der besmettingen op de sintra komme. Sa mei net ien fan bûten de sintra no op de AZC's komme. De asylsikers wenje relatyf ticht op elkoar wêrtroch't it besmettingsgefaar mooglik grutter is.

Neffens it COA is it relatyf rêstich op de sintra. Der wurdt in soad foarljochting jûn en dêrtroch binne de bewenners harren bewust fan it gefaar. Neffens Corina Dekens fan it COA begripe de bewenners wat der spilet: "De ene persoon vindt het moeilijker dan de andere. Die spanning is niet anders dan in onze maatschappij bij mensen thuis."

Asylsikers yn de sintra geane der minder, of hielendal net op út. "Dat komt ook omdat de asielprocedure stil ligt nu. Wij delen verder folders uit met voorlichting over de regels van het RIVM, en er is een informatiebalie. Mensen moeten zich nu voornamelijk vermaken op hun eigen kamer en dat lukt aardig."

Ferbining moat rapper

By de AZC's mei caravanunits lykas yn Sint-Anne en Balk jildt dat de bewenners fan ien sa'n unit jilde as in gesin en dy hoege dus ûnderling gjin oardel meter ôfstân te hâlden. Dêrbûten is it frij maklik om de ôfstân te bewarjen. Sintra mei gruttere wenunits sa as yn Snits hawwe mear problemen. Dêr wurdt in soad gebrûk makke fan sintrale romtes, mar dat kin no eins net.

De Nederlânske les foar de asylsikers giet safolle mooglik troch en dêrneist wurde tal fan aktiviteiten opset om de minsken dwaande te hâlden. De les is benammen digitaal, en dêrom wurdt der hurd wurke om de ferbining yn de AZC's rapper te krijen. Foar de measte bern ha ferskate skoallen laptops regele.

Trefwurden: 
AZC asylsikers coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)