GGD: Wer twa coronastjergefallen; 26 nije positive tests

10 apr 2020 - 12:00

By GGD Fryslân binne de ôfrûne 24 oeren twa nije coronastjergefallen meld. It giet om twa tachtichplussers. Yn totaal is no fan 27 minsken yn Fryslân bekend dat sy binne ferstoarn oan it firus. Der binne 26 nije positive tests bijkaam. Dêrmei binne der 301 Friezen posityf test op it coronafirus.

Der binne mear positive tests as de ôfrûne dagen, mar der wurde ek mear minsken test. Margreet de Graaf fan GGD Fryslân: "De mensen die echt zwaar ziek worden en de grootste kans hebben om te overlijden zijn toch ouder. En ze hebben een kwetsbaar immuunsysteem of onderliggend lijden, zoals hart- en vaatziekten." Dy minsken hawwe in grutter risiko dat it firus by harren swierder ferrint. It is net sa dat oare minsken net gau siik wurde.

In soad soarchferlieners wolle neffens De Graaf test wurde, mar benammen soarchmeiwurkers dy't in soad mei coronapasjinten yn kontakt komme, wurde previntyf test. Ek minsken mei mylde klachten kinne no test wurde. "Zo kunnen we het zoveel mogelijk bij hen weghouden."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)