Musea en keunstorganisaasjes freegje provinsje om 41 miljoen euro subsydzje

Ferskate keunstorganisaasjes en musea hawwe by de provinsje in plan yntsjinne om yn oanmerking te kommen foar in fjouwerjierrige finansiering foar de perioade fan 2021 oant 2024. Twa ûnôfhinklike advyskommisjes advisearje de provinsje wa't foar subsydzje yn oanmerking komt.
Baarch © Shutterstock.com
De 42 keunstorganisaasjes freegje tegearre om 20,7 miljoen euro. Yn de ôfrûne jierren ûntfongen 36 dêrfan in subsydzje fan de provinsje. De trettjin musea freegje mei elkoar om 20,4 miljoen euro. Fjouwer dêrfan krigen yn foargeande jierren jild. De oanfragen komme út hiel Fryslân wei.
De provinsje kontrolearret op dit stuit oft de oanfragen folslein binne. Dêrnei gean de Adviescommissie Kunst en Adviescommissie Musea oan de slach mei de ynhâldlike beoardieling fan de plannen. De advyskommisjes advisearje dêrnei it kolleezje fan Deputearre Steaten.
Foar de keunstorganisaasjes is 13,4 miljoen euro beskikber, foar de musea hast 16,7 miljoen. Foar de simmer witte de oanfregers oft se it jild tasein krije.