Wettersteuring yn súdwesten noch net oplost, ek gjin wetter yn omjouwing Reduzum

10 apr 2020 - 11:11

Yn it súdwesten fan de provinsje komt al sûnt tongersdeitejûn 21.00 oere gjin of hast gjin wetter út de kraan. Wetterbedriuw Vitens hat te krijen mei in lek yn in transportlieding. Húshâldingen om Balk, Harich, Aldemardum, Bakhuzen, Wikel en Warns hinne binne troffen. It soe gean om likernôch 10.000 húshâldingen.

Vitens - Foto: ANP

De ferwachting is op dit stuit dat de steuring om 13.15 oere oplost is. Earder tocht Vitens noch dat de steuring yn de rin fan de nacht ferholpen wurde soe.

Noch in steuring

Ek yn Reduzum, Wirdum en Wytgaard en omjouwing is sûnt freedtemoarn gjin of hast gjin wetter. De ferwachting is dat dy steuring noch oant 16.00 oere duorje kin.

Trefwurden: 
Vitens wettersteuring
(advertinsje)
(advertinsje)