Kommissaris Brok sprekt Fryslân ta yn Steategearkomste oer 75 jier befrijing

10 apr 2020 - 10:54

Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil Fryslân takom wike woansdei tasprekke. Hy docht dat yn in ekstra gearkomste fan Provinsjale Steaten om te fieren dat Fryslân 75 jier ferlyn befrijd waard.

Gearkomste fan de Provinsjale Steaten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gearkomste wurdt ynklusyf taspraak streekrjocht útstjoerd op telefyzje en online by Omrop Fryslân.

Frijheid is in grut guod en wurdich om te fieren en te betinken.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

Neffens de kommissaris is it belangryk by dizze dei stil te stean. "Frijheid is in grut guod en wurdich om te fieren en te betinken. Ek yn dizze tiden dat minsken noed hawwe oer corona. Mei-inoar dizze dei fiere ferbynt, jout krêft en treast."

It wie de bedoeling om de Fryske Befrijingsdei grut te fieren. Troch de coronakrisis kin dat net. De minister fan Ynlânske Saken hie oankundige te kommen, en ek ambassadeurs, feteranen en de leden fan Provinsjale Steaten soene oanwêzich wêze. Yn stee dêrfan is der no in koarte gearkomste dy't de leden fan Provinsjale Steaten digitaal, dus op ôfstân, bywenje sille.

Live te folgjen by Omrop Fryslân
De Steategearkomste is woansdei 15 april fan 09.55 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mei dêryn de gearkomste, de taspraak fan de kommissaris en twa muzikale bydragen fan Elske DeWall.

(advertinsje)
(advertinsje)