Helptsjinsten manmachtich yn aksje foar dronken froulju yn kanaal

10 apr 2020 - 10:25

De plysje fan Ljouwert moast tongersdeitenacht yn aksje komme doe't twa dronken froulju te swimmen giene yn it Van Harinxmakanaal op hichte fan de wyk Nijlân. De froulju kamen earst net út it wetter, en skeakelen de helptsjinsten yn.

Alkohol - Foto: Shutterstock.com

Doe't de plysje, tegearre mei in ambulânse en de brânwacht, op de melding ôfkaam die bliken dat de froulju dochs op eigen krêft út it wetter kaam wiene. De froulju fan 22 jier krigen in proses-ferbaal foar iepenbier dronkenskip.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)