Transfer foar follybalster Hester Jasper nei Dútske topklup

Hester Jasper spilet takom seizoen by Allianz MTV Stuttgart. De follybalster fan Snits spile it ôfrûne seizoen foar VfB Lotto Sühl, mar makket no dus de oerstap.
© Orange Pictures
Sportyf sjoen is it in grutte ferbettering; Sühl einige dit seizoen as lêste, wylst Stuttgart twadde waard en in professionele klup is. Jasper tekenet in kontrakt foar twa jier by Stuttgart. Jasper stie dan ek iepen foar in transfer nei in oare klup, mar hie net ferwachte dat Stuttgart him melde soe. "Toen ze belden werd ik meteen al een beetje zenuwachtig".
It is noch net dúdlik hokker teamgenoatsjes Jasper krijt by Stuttgart, omdat de spilerskarrûsel op dit stuit folop draait, mar de kâns is grut dat se in oare Nederlânske ynternasjonal treft: midspylster Juliët Lohuis. It is foar Hester Jasper ek noch net dúdlik oft se op in basisplakje rekkenje kin omdat de konkurinsje op har posysje - bûtenoanfalster - noch net bekend is. Mar ek as dat net sa is, tinkt Jasper in soad leare te kinnen. "Ik ga gewoon mijn stinkende best en dan zie ik wel waar het op uitkomt. In ieder geval denk ik dat ik heel veel kan leren en dat vind ik al hartstikke vet".
Kommend jier wurdt Jasper har twadde seizoen yn it bûtenlân. Dêrfoar spile se by VC Snits. Har âldere sus Marrit spilet ek yn Dútslân, by Ladies in Black Aachen.
Hester Jasper oer har transfer